WerkhovenBb Qqf ਦਾ n pNn .wi Mm_ofr lei_ Eet UpSs Vvz50 FZ
Werkhoven is in plak en eardere gemeente yn de provinsje Utert De gemeente is op 1 septimber 1964 opheft en by de gemeente Bunnik komd. Dêr is it no in lytse kearn mei sa'n 1630 ynwenners (CBS 2003). Werkhoven is ûntstien yn de 8e iuw ûnder de namme Wercundia. Yn de 12-13e iuw waard de tsjerke fan Werkhoven boud dy't noch altiten it mulpunt fan de histoaryske kearn fan it doarp foarmet. Der is in soad agraryske aktiviteit (benammen feehâlderij en fruittylt) yn en om it doarp.
Werkhoven hat in restaurearre nôtmûne, de Rijn en Weert, dy't op sneon te besichtigjen is foar it publyk. Fierders leit oan de râne fan it doarp it kastiel Beverweerd (net tagonklik foar publyk). Der binne meardere lytsskalige buorkerijcampings yn en om it doarp.
Yn 2004 én 2008 waard troch de pleatslike Muzykferiening Constantia in fideo/dvd útjûn mei histoaryske bylden fan it doarp Werkhoven.
Berne yn Werkhoven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Coby van Baalen (6 april 1957), Nederlânske dressueramasône winneresse fan in sulveren medalje op de Olympyske Spullen fan 2000 yn Sydney.
- Andreas Everardus van Braam Houckgeest (1739 – 1801), Nederlânsk keapman en diplomaat.
Wenne yn Werkhoven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Rob Goorhuis (25 maart 1948), komponist, muzykpedagooch, dirigint, klavesinist, pianist en organist.
- Piet Keijzer (18 augustus 1918 – 20 july 2008), Nederlânsk reedrider en winner fan de seisde Alvestêdetocht.
- Howard Komproe (6 oktober 1971), Nederlânsk stand-up comedian en stimakteur. Wenne op it ynternaat by Kastiel Beverweerd (International School Beverweerd).

Werkhoven op in kopergravuere fan Hendrik Spilman út 1773

kastiel Beverweerd

Doarpstsjerke

De Brink

De mûne fan Werkhoven

Werkhoven ± 1865

Sky-line Werkhoven 2008
Mûne Ryn en Weert
Herfoarme tsjerke
De Brink
Buorren
Muzyktinte
Roomske tsjerke
Roomske tsjerke
Rjochting Odijk
Mûne Ryn en Weert
Mûne Ryn en Weert
Kromme Ryn
Kastiel Beverweerd
bygebou Kastiel Beverweerd